Ynteresse jeugd skûtsjesilen

De stichting Foar de Neiteam besiket mei ferskate aktiviteiten om de jeugd wer foar it skûtsjesilen te ynteressearjen. Op dy wize hopet it stichtingsbestjoer de basis ûnder soksoarte fan silerij te fersterkjen. Foar de Neiteam hâldt him dwaande mei it fêstlizzen fan de histoarje en de popularisearring fan it skûtsjesilen. Ofrûne wykein wie de jeugd te gast yn Earnewâld by it Skûtsjemuseum yn Earnewâld en yn Grou. Njonken silen learden se dêr in soad oer de histoarje fan de skûtsjes en it gebrûk dêrfan.