"Oerstappe helpt net"

De problemen fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum wurde net oplost as minsken manmachtich oerstappe nei fersekerders ASR of DSW. Dat seit Brenda van Haarst fan soarchfersekerder De Friesland. Se reagearret dêrmei op in aksje fan 'Red de Sionsberg'.
De aksjegroep ropt klanten op om oer te stappen nei DSW en ASR. As dy genôch klanten hawwe yn it gebiet, krije sy ynfloed op de besteging fan de soarchjilden. Neffens Van Haarst bepale net de soarchferskerders oft it sikehûs iepen bliuwt.