Foar freed beslút oer Lawei

De Arbitraazjekommisje foar de bou nimt foar freed in beslút oer de boustop by De Lawei. Dat waard moandei dúdlik op in sitting. Direkteur Hans van Norel seit dat syn minsken der alles oan dien hawwe om temjitte te kommen oan de klachten en oanfoljende easken fan De Lawei. Mar úteinlik wie dat net te dwaan. It bedriuw claimt no 2,9 miljoen euro fan De Lawei foar it restant fan de bousom en as skeafergoeding.
De Lawei wol minstens 750.000 euro oan ekploitaasjeskea by Van Norel yn rekken bringe foar de problemen mei de winterprogrammearring.
De orizjinele opleveringsdatum fan it ferboude teater De Lawei yn Drachten wie 17 septimber. Direkteur Stef Avezaat hopet dat de grutte seal no op 1 desimber klear is en it hiele gebou op 1 jannewaris. Mar hy tinkt dat it earder 1 febrewaris wurdt.
De saak tsjinne moandei foar de 'Arbitraazjekommisje foar de bou' op in sitting oanfrege troch De Lawei. It bouterrein fan De Lawei sit sûnt begjin septimber op slot omdat boubedriuw Van Norel it net iens is mei it opsizzen fan it boukontrakt troch De Lawei. De direksje fan De Lawei ferwyt Van Norel min wurk en fynt it herstel fan flaters net goed genôch. De kommisje nimt foar takom freed in beslút oer de boustop op teater De Lawei. Foar it ôfmeitsjen fan de opdracht komme twa Fryske boubedriuwen yn 'e beneaming: Friso en Dijkstra Draisma.