Stik fan Cees Bijlstra opfierd

29 sep 2014 - 15:55

Tsien jier nei it ferstjerren fan de ferneamde Fryske komponist Cees Bijlstra waard moandei in nij stik fan him opfierd yn Museum Belvédère op It Hearrenfean. It muzykstik wie ea bedoeld foar de iepening fan it museum, mar de komponist kaam te ferstjerren fier foardat it ôf wie. Der bestiene eins allinnich wat sketsen.

No, tsien jier letter is it stik dochs ôfmakke. Dat bart spesjaal foar in dokumintêre oer Bijlstra, dy't makke wurdt troch regisseur Pieter Verhoeff.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)