Regels monstertruck ûndersykje

De gemeente Dongeradiel sil de regels foar eveneminten mei saneamde monstertrucks en autoraces goed ûndersykje. Dat seit boargemaster Marga Waanders yn reaksje op it ûngelok yn Haaksbergen. Dêr ried in monstertruck yn op it publyk en foelen trije deaden en meardere swier ferwûnen.
In pear wike lyn wie yn Dokkum noch in evenemint mei monstertrucks. Dêr wie ek net foldien oan de ynternasjonale ôfstannen. Wol wie it plein dêr't it evenemint hâlden waard, grutter as yn Haaksbergen.
Dochs wol boargemaster Waanders goed nei in eventuele nije oanfraach foar in race of show sjen. Dat jildt net allinnich foar monstertrucks, mar ek foar oare races.
Sander Balk, âld-manager fan Stunt Movies Productions, is benaud dat bedriuwen yn de sektor no dreger oan in fergunning komme kinne. De profesjonele monstertrucksshows moatte it mei de amateurs belije, seit er. Stunt Movies Productions wie ôfrûne wiken mei ferskate shows yn Fryslân, ûnder oare yn Dokkum.