Man oanhâlden fanwege ynbraken

29 sep 2014 - 12:14

De plysje hat freed in man út Ljouwert oanhâlden dy't faker de fout yngongen wie. De 33-jierrige wurdt fertocht fan ferskate ynbraken yn Reduzum, op 'e Jouwer en It Hearrenfean.

Fanwege ferskate wenning- en bedriuwsynbraken hie de plysje in ûndersyk ynsteld. By dy ynbraken waarden mobile tillefoans, jild, in stereo-ynstallaasje, fytsen en in kompjûter meinommen. De man wurdt ek fertocht fan ynbraak oan it Dalkruid op It Hearrenfean. Foar dy ynbraak waarden doe al in 23-jierrige en in 27-jierrige man sûnder wên- en ferbliuwplak oanhâlden.

Foar dy ynbraak waarden doe al in 23-jierrige en in 27-jierrige man sûnder wên- en ferbliuwplak oanhâlden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)