22.000 besikers by Flaeijel

29 sep 2014 - 11:01

De Flaeijelfeesten yn Ald- en Nijhoarne hawwe goed 22.000 besikers lutsen. Dit oertrof net it rekôr fan 2013. Doe wiene der goed 25.000 besikers op it evenemint ôfkaam. It trijedaagse festival stie yn it teken fan de jierren '20 fan de foarige ieu. Oer it terrein koene de besikers sjen hoe't it boerelibben er yn dy tiid útseach.

Foaral it Frysk kampioenskip seinemeane en tsien oldtimer-fleantugen, dy't de loft yngongen, krigen in soad oandacht fan it publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)