Ferwûnen by achterfolging

29 sep 2014 - 10:32

In scooterrider (17) út Ljouwert hat sneintemiddei in fytser oanriden wylst er op de flecht wie foar de plysje. In motorplysje woe de jonge oanhâlde om't er sûnder helm ried. De jonge naaide út en seach achterom om te sjen oft de plysjeman der noch wie. Op dat momint botste de Ljouwerter op in 19-jierrige fytser. It slachtoffer rûn ferskate ferwûnings op. De fertochte rekke ek ferwûne.

De scooterrider is nei de botsing oppakt. Hy fersette him by syn arrestaasje. De jonge hie gjin rydbewiis en de scooter wie net fersekere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)