Mear stewards yn 'e trein

Der komme mear stewards op de treinen fan Arriva. It is ien fan de maatregels foar mear sosjale feiligens op it spoar, dêr't Arriva moandei in oerienkomst oer ûndertekene hat mei de fakbûnen. Personiel yn treinen en op stasjons sil ek better traind wurde. Oanlieding foar de maatregels is de taname fan it tal geweldsynsidinten yn it iepenbier ferfier.
De fakbûnen binne ek mei de NS yn petear oer ôfspraken oer sosjale feiligens yn treinen en op stasjons.