LDODK wint thús fan NIC: 15-14

28 sep 2014 - 16:22

De kuorballers fan LDODK pakten snein de twadde oerwinning yn de eare klasse. Op eigen fjild waard mei 15-14 wûn fan NIC. Yn de earste helte kaam de Gordykster doelpuntemasjine dreech op gong. Healwei stie der in 2-3 efterstân op it boerd. Foar rêst werstelde LDODK him en socht de klaaihokken op by in 6-4 foarsprong.

Nei rêst fjochten de kuorballers út Grins har werom yn de wedstriid. By in 11-11 stân gong de skoare oan beide kanten hieltyd lykop. Mei ien doelpunt ferskil luts de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de winst oer de streek.

Trefwurden: 
kuorbal De Gordyk LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)