Huldiging Klaas de Jonge

28 sep 2014 - 15:54

Omdat hy al 60 jier by SC Hearrenfean belutsen is, is de 88-jierrige Klaas de Jonge sneintemiddei ûnderskieden. Hy is lid fan fertsjinste fan de KNVB wurden. In fertsjintwurdiger fan de KNVB spjelde it lintsje by De Jonge op. Sechstich jier by de klup is neffens Hearrenfean in unikum. Earder waard hy al beneamd ta Heer van Heerenveen en krige er in keninklike ûnderskieding.

De Jonge begûn by SC Hearrenfean as fuotballer, letter wie hy aktyf binnen de jeugdôfdieling, wie hy bestjoerslid, koördinator fan rûnliedings en gasthear by wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)