Cambuur pakt punt by Excelsior

SC Cambuur spile snein mei 1-1 lyk by Excelsior. Yn stadion Woudestein kaam de thúsploech nei 22 minuten spyljen op foarsprong. Cambuur koe gjin kânsen kreëarje, wêrnei't trainer Henk de Jong by it skoft yngripe moast.
Nei rêst soargen ynfallers Narsingh en Van de Streek fuort foar gefaar. Nei't de 2-0 fan Excelsior ôfkard waard fanwege bûtenspul, sette Ogbeche út in hoekskop fan Rusnák de lykmakker op it boerd. Yn in spannend slot krûpte Cambuur troch it each fan de nulle doe't Excelsior 2 minuten foar de ein fersomme de 2-1 te meitsjen.
SC Cambuur stiet mei 12 punten út 7 wedstriden op in sânde plak yn de earedivyzje.