Kamminga wint maraton Berlyn

Manon Kamminga © awfoto.nl
Manon Kamminga fan It Hearrenfean skreau sneon de skeelermaraton fan Berlyn op har namme. Kamminga kaam ûnder de Brandenburger Tor solo oer de einstreek, mar wie dêrby flink skeind troch in falpartij healwei de wedstriid. Dêrby gong Kamminga tegearre mei in grutte groep rydsters hurd ûnderút.
De Hearrenfeanse wist de efterstân op de kopgroep lykwols wer yn te rinnen en ûntsnapte út de groep fan seis. Dêrmei wie se wis fan de oerwinning. It sulver gong nei de Dútse Katharina Rumpus. Ald-Haulster Elma de Vries pakte it brûns.