Froulju tsjin de boargemasters

De boargemasters spylje foar it goede doel tsjin de Fean-froulju © Twitter Tjeerd van der Zwan
Foarôfgeand oan de wedstriid SC Hearrenfean-PSV spylje sneintemiddei de froulju fan SC Hearrenfean tsjin it Nederlands Burgemeesters Elftal. It NBE fuotballet foar in goed doel: de Leprastichting. De wedstriid is op sportpark Skoatterwâld. Nei ôfrin binne de boargemasters te gast by SC Hearrenfean-PSV.