Epke Zonderland nei WK Sina

28 sep 2014 - 12:00

Epke Zonderland is mei de Nederlânske turnploech nei Sina. Fan 3 oant en mei 12 oktober binne yn Nanning de wrâldkampioenskippen turnjen foar lanneteams. Nederlân hat him noch nea as team pleatst foar de Olympyske Spelen. Zonderland en syn teamgenoaten moatte by de bêste 24 lannen einigje om har te pleatsen foar it WK yn Glasgow yn 2015. Dat WK jildt as Olympysk kwalifikaasjemomint foar Rio 2016. Se moatte har yn Glasgow by de bêste 12 lannen turnje om nei Rio te gean. Yndividueel ferdediget Epke Zonderland yn Sina syn WK-titel op de rekstôk.

Trefwurden: 
Sina Epke Zonderland WK turnjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)