Nij inisjatyf foar Sionsberg

De aksjegroep Red de Sionsberg wol mei de soarchfersekerders DSW en ASR besykje de polykliniken fan sikehûs De Sionsberg iepen te hâlden. Red de Sionsberg is benaud dat troch de kommende besunigings polys tichtgean sille. DSW en ASR wolle mei harren soarchkonsept Beter Dichtbij sluting foarkomme. Om dat plan te realisearjen is it nedich dat de twa fersekeringsbedriuwen klanten krije foar har Beter Dichtbij-polis.
Op dy wize hawwe se mear ynfloed op it krijen fan soarchjilden en dwaan fan ynvestearrings.
Red de Sionsberg sil de kommende tiid reklame meitsje foar de Beter Dichtbij-soarchpolis. Takom woansdei wurdt yn Dokkum in earste presintaasjejûn hâlden.