Drachtster mei XTC oppakt

Xtc © gezondheidsnet.nl
In 22-jierrige Drachtster is sneontejûn yn syn wenplak oanhâlden foar it besit fan XTC-pillen. De man waard by in pompstasjon kontrolearre, om't er ûnderútsakke yn syn auto siet, en de plysje de idee hie dat er drugs brûkt hie. It die bliken dat er mear as 30 XTC-pillen by him hie. De Drachtster is ynsletten, de pillen binne yn beslach nommen.