Befeiligers krije klappen

28 sep 2014 - 09:42

Twa manlju fan 21 en 28 út De Gordyk binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden yn Nijhoarne. Se wienen bûten de feesttinte mei stekken oan it goaien. Doe't se dêr op oansprutsen waarden troch befeiligers, soenen se dy slein en skopt hawwe. Dêrnei naaiden se yn in taksy út. Even letter koenen se op It Hearrenfean oanhâlden wurde. De befeiligers hawwe oanjefte dien fan de mishanneling.

Trefwurden: 
mishanneling Nijhoarne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)