Otter deariden by Slikenboarch

28 sep 2014 - 08:35

Der is op'e nij in otter deariden. Dat meldt Addy de Jongh fan de Stichting Vrienden van de Otter. Hy krige sneontejûn in melding fan tsjûgen dy't it deade bist by Slikenboarch lizzen sjoen hienen. It giet om in mantsje fan sa'n tsien kilo. De Vrienden van de Otter wize hieltyd op it grutte tal deariden otters. Ferline jier sneuvelen der 26 en dit jier al 23, wêrfan de helte yn Fryslân. Se wolle dat der mear ottertunnels yn ús lân komme, dat hat it ryk ek tasein.

Trefwurden: 
otter Slikenboarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)