Keninklike penning motorklup

Alvestêdemotors
De Friesche Motorclub hat sneon de Keninklike Earepenning krigen fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma. De feriening fierde syn 100-jierrich bestean mei in byienkomst yn it WTC yn Ljouwert. De kommissaris spruts syn wurdearring út foar de jierrenlange ynspannings fan de âldste motorklup fan Nederlân.
Jierliks hichtepunt foar de klup is de organisaasje fan de Alvestêdetocht foar motorriders, dêr't tûzenen leafhawwers oan meidogge. De klup is aktyf mei ritten foar sike bern en oare maatskiplike aktiviteiten.