SCO sleept winst oer de streek

27 sep 2014 - 17:03

De kuorballers fan SCO pakten sneon in 17-16 oerwinning op Tweemaal Zes. Yn Maartensdijk gong de striid fan begjin ôf oan lykop. By rêst stie der in lytse 9-10 foarsprong op it boerd foar de ploech fan trainer Aegle Frieswijk.

Nei rêst rûn SCO by in stân fan 11-13 út nei 11-16. De Aldeholtpeasters koenen lykwols net foarkomme dat Tweemaal Zes de marzje stadichoan wer ynrûn. By in 16-16 stân wie it úteinlik Britt Rottink dy't yn de slotminuten de winnende treffer makke.

Troch de winst hat SCO no 8 punten út 5 wedstriden.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)