Soer ferlies Drachtster Boys

27 sep 2014 - 16:33

Drachtster Boys gong sneon yn de lêste minút fan de wedstriid mei 1-0 ûnderút by Flevo Boys. Yn Emmeloord holden de ploegen inoar lang yn lykwicht. Pas yn de twadde helte wist de thúsploech ta skoaren te kommen, mar de treffer waard ôfkard fanwege bûtenspul.

Dêrnei sette Flevo Boys mear en mear druk op de Drachtster ferdigening. De ploech fan trainer Fred de Boer wist lang stân te hâlden, mar moast ien minút foar de ein dochs belies jaan. Yn de 89e minút skeat Flevo Boys it winnende doelpunt tsjin de touwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)