Harkemase Boys wint fan Urk

27 sep 2014 - 16:28

Harkemase Boys pakte sneon in 2-0 oerwinning op Urk. Op sportpark De Bosk iepene Heine Uuldriks de skoare nei 37 minuten. Op slach fan rêst krige Johnsen Bacuna in grutte kâns, mar hy fersomme foar iepen goal de skoare fierder út te wreidzjen.

Fuort nei rêst sette Bacuna syn flater rjocht troch yn de 46e minút mei in hurd skot de 2-0 op it boerd te setten. In kertier letter wie de spits op 'e nij gefaarlik, mar syn skot waard keard troch de keeper. Urk krige noch in pear knappe kânsen op de oanslutingstreffer, mar kaam net ta skoaren.

De ploech fan trainer Jan Vlap pakt mei de 2-0 winst op Urk de tredde oerwinning fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)