Restaurants socht foar keallen

De Fryske stichting Lost Animals siket restauranthâlders dy't jonge kealtsjes ôfnimme wolle fan melkfeehâlders. Fan takom jier ôf meie op de Ljouwerter feemerk allinnich noch keallen oanbean wurde dy't tusken de 15 en 35 dagen âld binne en mear as 35 kilo weagje.
Lost Animals is benaud dat kealtsjes dy't net oan de kritearia foldogge ôfmakke wurde, wylst it fleis prima brûkt wurde kin yn bygelyks restaurants. Goed 40 restauranthâlders en koks hawwe al ynteresse toand om keallefleis op de menukaart te setten.