Burgumer oppakt foar bedriging

27 sep 2014 - 11:20
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freedtemoarn in 33-jierrige Burgumer oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat hy yn de nacht fan tongersdei op freed slimme bedrigings utere hat en dêrby ek in wapen brûkte. De plysje fûn yn syn hús yndied in wapen, de man is oanhâlden foar ferbean wapenbesit en is ynsletten foar ferhoar. It wapen is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Burgum wapenbesit
(advertinsje)
(advertinsje)