Utfak Hearrenfean-Cambuur fol

27 sep 2014 - 11:05

Alle foar SC Cambuur beskikbere kaarten foar it útfak by de wedstriid SC Hearrenfean-SC Cambuur op 19 oktober wiene sneontemoarn yn Ljouwert yn in sucht ferkocht. De kaartferkeap begong om 9.00 oere, mar om 2.00 oere nachts stiene de earste fans al foar de kassa's. De 1200 kaarten wiene dan ek samar fuort.

Yn it foarige seizoen wûnen beide klups in kear fan elkoar. Op It Hearrenfean waard it 2-1 en yn Ljouwert wûn SC Cambuur mei 3-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)