Marineskip fan dyk takele

27 sep 2014 - 07:40

De marine hat sneontemoarn it marineskip fan de Ofslútdyk by Breesândyk takele. It skip kaam ôfrûne tiisdei fêst te sitten op ien fan de pieren fan de Ofslútdyk. Dat barde troch in stjoerflater. Tiisdei waard al besocht de boat mei leech wetter fan de pier te krijen, dat slagge doe net. It skip is fan tiisdei ôf bewaakt.

It skip wurdt nei Den Helder brocht. Dêr sil besjoen wurde hoe grut de skea is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)