Jonge talinten eksposearje

Lennart Benarius hat freed de OladieCoba-trofee wûn. Lennart wie ien fan de dielnimmers oan in masterclass fan keunstner Machiel Braaksma. Bern fan basisskoallen út de gemeente Frjentsjerteradiel moasten de ôfrûne wiken trije kliniks folgje en dêryn ferskate dingen meitsje. Se makken harren keunstwurken mei guod lykas âlde plestik flessen, klosetrollen en toutsjes.
Freed waard in tentoanstelling iepene yn it Martenamuseum yn Frjentsjer. De wurken fan alle talinten binne dêr de kommende wike te sjen.