Springtijpriis útrikt

Wubbo Ockels
Wittenskipper en filosoof Klaas van Egmond hat freed de Wubbo Ockels Brandarispriis krigen. De ûnderskieding is in oeuvrepriis foar in persoan dy't him bot ynset foar duorsumens. De priis is in inisjatyf fan Springtij, it jierlikse duorsumensfoarum op ûnder oare Skylge.
Ferline jier gong de Brandarispriis nei Ockels sels. Nei syn dea is, yn oerlis mei de famylje, de namme fan Ockels oan de ûnderskieding ferbûn. De soan fan Ockels hat Van Egmond de priis oerlange.