Ferlies Feanster froulju

26 sep 2014 - 21:30

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn de thúswedstriid tsjin Ajax mei 3-0 ferlern. De Feanster froulju kamen yn de earste helte al yn de fiifde minút op efterstân. Yn de twadde helte waard it nei 62 minuten 0-2 troch Marloes Pieete. Dyselde spylster soarge flak foar tiid ek foar de einstân.

It is foar it jonge team fan trainer Jessica Torny de tredde nederlaach yn fjouwer duels. Hearrenfean stiet op it 11e plak yn de BeNeLeague.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)