Brandaris op rêdingsboatdei

De âlde Skylger rêdingsboat De Brandaris is dizze dagen de grutte publykslûker op de jierlikse gearkomste fan de feriening Oude Reddings Glorie. De feriening hat dit wykein de jierlikse ledegearkomste wer op 'e Lemmer, en in grut part fan de leden is op de eigen antike rêdingsboat nei it plak ta kaam.
De Brandaris is it nijste lid fan de feriening en krijt dit wykein dêrom ekstra omtinken. Alle boaten binne op sneon iepen foar publyk.