Reedriders riede harren ta

26 sep 2014 - 17:21

Oer rom in moanne stiet de earste wichtige reedrydwedstriid op it programma. Dan wurdt yn Thialf op It Hearrenfean it NK ferriden. De reedriders binne folop yn de tarieding op it nije seizoen. Freed waard der yn Thialf in testwedstriid riden. Sawol manlju as froulju dienen mei oan de massastart. By de manlju wûn Bob de Jong. Irene Schouten wie by de froulju it rapst.

Sven Kramer sil yn it nije seizoen ek it Europeesk kampioenskip ride. Dat liet hy ôfrune jier sjitte. Foar Kramer wurdt it in spannend jier. Hy wol syn 1500 meter ferbetterje. Dêrneist sit de reedrider fan It Hearrenfean by in nije ploech. Ek dat bringt in soad feroarings mei him mei. Kramer hat wol nocht yn it reedrydseizoen. Dat jildt ek foar Marrit Leenstra. Yn de ôfrune jierren einige de Wikelster faak neist it poadium op de 1500 meter. Se wol dit seizoen de stap nei de top sette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)