Ljouwert taret op nije taken

De gemeente Ljouwert is goed taret op taken fan Jeugdsoarch en de Wmo, dy't de gemeente oerkrijt fan it Ryk. Njonken de ryksbydrage fan 110 miljoen euro hâldt de gemeente noch 9 miljoen euro ekstra as reserve foar it gefal der mear jild nedich is.
Dat docht bliken út de begrutting dy't de gemeente Ljouwert freed presintearre. In pinepunt is dat de wurkgelegenheid yn hast alle sektoaren omleech giet. De lêsten foar de ynwenners geane mei-inoar mei 200.000 euro omleech. Dat komt fral omdat de tariven foar de rioelheffing flink sakje.