"Boarger dupe fan ûnsekerheid"

De oerheid makket it foar gemeenten hast ûnmooglik om it oernimmen fan de soarchtaken goed ta te rieden. Dat seit wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Mei noch mar in pear moanne te gean, witte gemeenten noch altyd net wêr't se fan 1 jannewaris ôf oan ta binne.
Sa krije se fan de oerheid gjin sifers oer hoefolle minsken no krekt fan de ferskate regelingen gebrûk meitsje. Ek binne de finansjele plaatsjes noch altyd net rûn. Neffens Offinga driigje de minsken dy't de soarch nedich hawwe dêr de dupe fan te wurden.