Spul yn Drachten: brutsen noas

26 sep 2014 - 15:24
Foto: Omrop Fryslân

In 17-jierrige Drachtster is tongersdeitemiddei oppakt om't er in 20-jierrige man út Drachten in brutsen noas slein hat. De twa hienen rûzje krigen op de Súdkade yn Drachten. In plysjeman yn boarger seach de fjochtpartij en koe de fertochte oanhâlde. De jonge is heard op it plysjeburo en dêrnei wer frijlitten.

(advertinsje)
(advertinsje)