Larsson noch hieltyd net fit

SC Hearrenfean-spiler Sam Larsson komt snein net yn aksje tsjin PSV. De linksbûten hat noch hieltyd lêst fan in ûntstutsen skynbonke. Jeroen Lumu is wol wer fit. De oanfaller is wersteld fan in ljiskblessuere, mar sil dochs op de bank begjinne.
Trainer Dwight Lodeweges ferwachtet dat it bekerferlies fan ôfrûne tiisdei tsjin Roda JC in ynsidint is. Neffens him moat syn ploech wer foarútsjen en de knop omsette. De wikselspilers dy't tsjin Roda JC yn de basis stienen, sille no wer op de bank plak nimme moatte.
Dat betsjut ûndermear dat kluptopskoarder Mark Uth wer de foarkar krijt yn de spits boppe Thomas Dalgaard.
Ferwachte opstelling: Nordfeldt; Marzo, Buijs, Van Aken, Van Anholt; De Roon, Sinkgraven, Van den Berg; Slagveer, Uth en Thorsby.