TBC útbraak ûnder kontrôle

Yn it ûndersyk nei tbc-besmettings yn Ljouwert dat GGD Fryslân begjin dit jier begûn, is by 74 minsken de baktearje oantroffen. Njoggen fan har hawwe ek siik west. De oaren wiene allinnich drager fan de tbc-baktearje. Mei-inoar binne 360 minsken kontrolearre. Dat docht bliken út it ôfslutende ûndersyk fan de GGD. Alle besmette minsken hawwe medisinen krigen dy't se trije oant seis moanne brûkt hawwe.
It ûndersyk wie nedich neidat der by in Ljouwerter in besmetlike foarm fan tbc oantroffen wie. It gie om in man fan Afrikaanske komôf.
It gie neffens dokter Albert Kiers fan de GGD om ien fan de gruttere útbraken fan de lêste jierren. By de kontrolearre en besmette minsken sieten ek frijwat jongeren.