A'karspelen hâldt hân op knip

Gemeente Achtkarspelen
De gemeente Achtkarspelen kin finansjele tsjinfallers de kommende jierren kwalik opfange. Dat docht bliken út de mearjierrebegrutting. Dêrom ûndersiket de gemeente wêr't der noch mear besunige wurde kin. Achtkarspelen sjocht takom jier as oergongsjier. As de jierrekken oer dit jier in posityf saldo hat, wol de gemeente in finansjele buffer oanlizze foar tsjinfallers.
Yn de mearjierrebegrutting stiet fierder dat de ûnreplikesaakbelesting mei ien prosint omheech giet. De gemeenteried praat op 30 oktober oer de mearjierrebegrutting.