Fytsedieven pakt op it Saailân

26 sep 2014 - 11:11

Twa jonges binne tongersdeitemiddei oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in fyts. In 14-jierrige jonge út Wurdum en in 16-jierrige jonge út Ljouwert besochten de fyts mei te nimmen op it Saailân yn Ljouwert.

De eigener trapearre it twatal en koe se beide fêsthâlde. De plysje hat de jonges meinommen foar ferhoar.

Trefwurden: 
stellerij fyts jonges
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)