Ferskate drankriders oanholden

26 sep 2014 - 10:34

De plysje hat tongersdei by in grutskalige alkoholkontrôle op de Jouster Merke acht bestjoerders trapearre op it riden mei drank op. Mei-inoar waarden der goed 1300 minsken kontrolearre. Ien bestjoerder besocht út te naaien en bedarre dêrby mei syn auto njonken de dyk. Hy is oanholden.

In 45-jierrige man fan De Jouwer krige boppedat in bekeuring om't er by de kontrôle de plysje misledige. Ek in 17-jierrige bromfytser fan De Jouwer waard op 'e bon slingere om't er mei drank op ried en gjin jildich rydbewiis sjen litte koe.

Ta beslút krigen twa fytsers in bon, neidat se útnaaiden doe't de plysje it twatal kontrolearje woe. De motorplysje koe de beide fytsers oanhâlde. Se krigen in bekeuring foar it negearjen fan in stopteken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)