Man botst tsjin lantearnepeal

26 sep 2014 - 10:17

In 26-jierrige man út Tsjalbert is tongersdeitejûn mei drank op tsjin in lantearnepeal op de Jouster Vegelinswei botst. Krekt foar alve oere hearden omwenners in flinke klap. De plysje fûn efkes fierderop de auto fan de man, dy't flink wat skea oprûn hie by de botsing.

Ut in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke en hy moat him ynkoarten melde by it CBR foar in kursus oer alkohol yn it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)