Ljouwerter rydt mei drank op

Alkoholkontrôle © ANP
In 61-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tongersdei op freed op de Rengersleane yn syn wenplak oanholden foar it riden mei drank op. By in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. Tsjin de Ljouwerter waard proses-ferbaal opmakke.
Boppedat mocht er sân oeren lang net autoride en moat er ynkoarten in kursus folgje by it CBR hoe om te gean mei alkohol yn it ferkear.