Bantpolder moat wieter wurde

26 sep 2014 - 08:05

Natoergebiet Bantpolder by de Lauwersmar wurdt wer yn de âlde steat werombrocht. Natuurmonumenten wol mei it werstel fan ûnder oaren âlde greppels it gebiet wer wieter meitsje. Troch de bou fan in wetter-wynmûne kin ynfloed útoefene wurde op it grûnwetterpeil. Hjirtroch wurdt de Bantpolder wer gaadliker foar greidefûgels.

Boppedat kin it brakke boaiemwetter foarkomme dat de seldsume plantegroei yn it gebiet útstjert. It natoerprojekt kostet goed 100.000 euro. It moat op 1 oktober klear wêze, want dan komme de guozzen.

Trefwurden: 
Bantpolder grûnwetterpeil
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)