Fryske hegeskoallen skoare min

Studinten fan de Ljouwerter hegeskoallen Stenden en NHL binne min te sprekken oer de kwaliteit fan harren skoalle. Dat docht bliken út de Nasjonale Studinten Enkête fan Elsevier. Sa skoare 9 fan de 20 opliedings fan Stenden in ûnfoldwaande. By de NHL giet it om 14 fan de 50 opliedings.
Foar beide hegeskoallen binne de sifers gjin ferrassing. It bestjoer fan de NHL jout oan dat der in soad ûntefredenheid is troch de grutte groei fan de hegeskoalle. Neffens Stenden is it minne sifer benammen it gefolch fan miskommunikaasje.