Dieven pakt op It Hearrenfean
De plysje op It Hearrenfean hat tongersdeitemiddei twa manlju oppakt foar meardere stellerijen. De fertochten hienen taslein by winkels fan it Kruidvat. De manlju hienen al aktyf west yn ûnder oare Beetstersweach, Drachten, Marum en op De Gordyk.