Fryske Gea hâldt lededagen

25 sep 2014 - 18:18

Natoerorganisaasje It Fryske Gea hat woansdei en tongersdei har trouwe leden yn it sintsje setten. Minsken dy't langer as 40 jier lid binne fan It Fryske Gea ha in dei te gast west by it Gea. Yn it besikerssintrum fan it Nasjonaal park De Alde Feanen yn Earnewâld koenen sy films sjen, meidwaan oan in far-ekskurzje en fansels harkje nei de ferhalen fan de direksje fan It Fryske Gea.

Alle dielnimmers krigen ek in ûnderskieding. In sulveren spjelde mei dêrop it logo fan It Fryske Gea. Der hawwe oer twa dagen goed 500 trouwe leden west.

Trefwurden: 
Earnewâld Fryske Gea lededei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)