Otter dea neist oerstekplak

It plak dêr't de otter deariden is © Addy de Jongh
Op de A32 tusken Akkrum en Grou is fan 'e moarn in otter deariden. It bistje waard fûn troch Arjen Bosma. Neffens Addy de Jongh fan it otterstasjon is it bist deariden flak neist in oerstekplak foar otters. De tunnel dêr't de otters trochhinne moatte is net goed oanlein, wêrtroch guon otters neist de tunnel telâne komme en de A32 besykje oer te stekken.
It opknappen fan de tunnel stiet al langer op de aginda. It otterstasjon is nei de rjochter stapt om it Ryk en provinsje te twingen dizze knipepunten oan te pakken.