"Legerrêchsek mei net mear"

25 sep 2014 - 15:50

Learlingen fan de oplieding Veiligheid en Vakmanschap fan De Friese Poort meie net mear mei harren legerrêchsek reizgje. Dat hat de lieding fan de skoalle tongersdei oan de learlingen meidield. It beslút is naam nei oanlieding fan de striid tsjin IS dêr't Nederlân no ek oan meidocht.

It ministearje fan definsje hat tongersdei in kleanadvys bekend makke nei drigeminten oan it adres fan militêren. Militêren moatte net mear yn unifoarm mei it iepenbier ferfier nei it wurk reizgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)