"Wantrouwen by Odyssee"

25 sep 2014 - 13:04

Der hearsket wantrouwen op de wurkflier fan Odyssee-skoallen, seit in âld-ûnderwizeres. De lieding soe boppedat net iepen stean foar krityk en him skuldich meitsje oan machtsmisbrûk en yntimidaasje.

Bestjoersfoarsitter Betske Salverda fan Odyssee werkent it byld perfoast net. Se fynt it spitich dat de krityske âld-meiwurkster - neffens frou Salverda in goede learkrêft - har net earder meld hat. Salverda slút net út dat de ûnfrede te meitsjen hat mei de fernijingsslach dêr't Odyssee mei dwaande is.

Neffens Salverda giet it fierder goed mei Odyssee. It syktefersom is leech en de organisaasje groeit. Salverda hat besletten om op krityk te reagearjen op fersyk fan âlden dy't mei fragen kamen nei oanlieding fan ferskate krityske publikaasjes.

By de krityske publikaasjes giet it om in pear tige krityske - mar ek anonime - brieven yn LC en Sneeker Nieuwsblad. De lêste krante publisearre boppedat juster is grut ferhaal op de foarside mei as kop 'Wantrouwen op werkvloer Odyssee'.

Neffens ûnderwiisbûn AOB is der by de skoalorganisaasje Odyssee yn Snits wol deeglik sprake fan in eangstkultuer. Dat seit regiobestjoerder Eugenie Stolk fan it AOB. Krityske meiwurkers fan it iepenbier basisûnderwiis yn Snits doare harren net út te sprekken, omdat se benaud binne foar de konsekwinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)