Hettinga hegerop by Arriva

Anne Hettinga © ANP
Direkteur Anne Hettinga fan ferfiersbedriuw Arriva Nederlân wurdt lid fan de deistige direksje fan de Arriva Group. Hettinga wurdt dêrmei ferantwurdlik foar alle aktiviteiten fan Arriva yn Noard-Europa. De Snitser bliuwt tagelyk wol de baas by Arriva yn Nederlân, dat it haadkantoar op It Hearrenfean hat.
Arriva is aktyf yn fjirtjin lannen en hat mear as 54.000 meiwurkers, wêrfan fjouwertûzen yn Nederlân, ferspraat oer acht provinsjes.